Sjoen de feiten

Is der noch wol in takomst foar de roman? Dy fraach stelde Willem Verf op in noflike  jûn yn de Drachtster biblioteek oan Willem Schoorstra, Geart Tigchelaar en Nyk de Vries, de trije nominearren foar de Rink fan 2018.

Dêr’t topskriuwers tweintich jier ferlyn noch hûnderttûzenen boeken ferkochten, binne dat no tsientûzenen, sa’t útjouwer Joost Nijsen okkerdeis yn in fraachpetear sei. Yn de Fryske skriuwerij is dat net folle oars: oplagen fan tûzenen binne ûnderwilens hûnderten wurden. Noch wat sifers fan it SCP: yn 1975 bestegen wy 6,5 oeren oan it lêzen fan boeken, yn 2011 noch mar 2,5 oeren. By jong-folwoeksenen lêst 49% wolris in boek, yn 2006 wie dat noch 87%.

Sjoen de feiten hjirboppe komt it meast logise antwurd derop del dat dy takomst op syn minst swier ûnder druk stiet. En dat hat dan wer alles te krijen mei de digitale revolúsje dêr’t wy middenyn sitte.

Mar yn Drachten skynde de sinne. Want de trije Fryske skriuwers achter de foarumtafel twifelen gjin tel: unanym waard de roman ûnoantaastber achte. Al dat optimisme soarge der wierskynlik foar dat Willem Verf de hamfraach net iens mear doarde te stellen. Want hoe stiet it derfoar mei de Fryske roman? Hat dy noch in takomst?

Op it earste each soene je sizze fan amper. Sjoch allinnich mar nei de ferkeapsifers. Of de folsleine ôfwêzigens fan de Fryske roman yn it Lân fan Taal. Of om myn part nei it hantsjefol grize kopkes dat it publyk yn Drachten útmakke.

Dochs koe ik wol begryp opbringe foar it stânpunt dat it foarum útstriele. Ek al wie dat tsjin better witten yn. Want in bytsje romanskriuwer hat it mier oan feiten. Dy ferwart him no ienris mei fiksje, it iennige wapen dat er hat.

(earder publisearre yn De Moanne, oktober 2018)

Meer blogs

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei...