Priis!

De Gysbert is wer yn it Fryske lân. En in tradysje soe gjin tradysje wêze as der gjin opkuor omhinne ûntstiet. Diskear giet it om de nominaasjes dy’t ynsteld binne foar de dichtersedysje fan dit jier. Want dat is nij. Miene guon, is myn yndruk as ik de kommentaren op facebook lês. Dat is in misferstân, de Gysbert wurket al langer mei nominaasjes. It iennige ferskil is dat de bekendmakking no net op it Boekefeest, mar yn de tsjerke fan Boalsert, dus flak foar de útrikking, plakfine sil. En dêr binne de nominearden neffens Pieter de Groot yn syn column fan 7 july (LC) net bliid mei.

Dêr kin ik my wat by yntinke. Sels soe ik der ek net gelokkich fan wurde, sa’t ik al earder skreaun ha. Net dat ik wat tsjin ha op nominaasjes, hielendal net. In nominaasje foar in priis betsjut erkenning fan in sjuery en dat is net ûnbelangryk foar in keunstner, dy’t faak jierrenlang yn stilte oan syn oeuvre wurket. Ek foar de útjouwer biede nominaasjes kânsen. Hoe kin it dan dat  by de Gysbert gauris rebûlje ûntstiet as de Provinsje it wer tiid fynt en feroarje wat om benammen dy publisitêre kant in kontsje te jaan?

Dat sit him yn it karakter fan de priis sels. Om it mar even te fergelykjen mei de Nederlânse wjergaders: je hawwe de P.C. Hooftpriis en prizen as de Libris en de VSB Poëzieprijs. De earste is foar in oeuvre. Dêr passe gjin nominaasjes by, it is mear in ‘stille’ priis dy’t yn styl útrikt wurdt, los fan de waan fan de dei, in ‘Life Time Achievement’ sa’t dat yn goed Nederlâns hjit. De oare prizen binne foar in boek of bondel en dêr passe nominaasjes mei alle publisiteit deromhinne, ynklusyf swittende skriuwers en dichters, prima by.

It punt is no, en dêr draait it hjir neffens my om, dat de Gysbert beide wêze wol. En dat kin net, want it iene byt it oare sa’t no ek wer bliken docht. Dêrmei is de oplossing fuortdaalks yn sicht: meitsje fan de Gysbert in literêre oeuvrepriis. Dêrmei is daalks ek in oar probleem út ’e wei, nammentlik de mooglikheid om dizze priis twa kear te winnen. Sa hat begelyks Abe de Vries sawat in abonnemint op in nominaasje omdat er alle kearen wer kâns sjocht om in topbondel ôf te leverjen. Tagelyk is ek dúdlik dat in sjuery in skriuwer/dichter net gau foar de twadde kear de Gysbert takenne sil.

Mar hoe moat it dan mei de waan fan de dei, dus mei boeken en bondels? Want dy publisiteit kin Frysktalich wurk net sûnder. Ik soe foarstelle wolle dêrfoar in aparte priis yn it libben te roppen. Mei nominaasjes en alle toeters en bellen dy’t derby hearre. En dan asjeblyft gjin nije priis, dêrfoar is de Fryske skriuwerij fierste lyts. Ek soe sa’n priis net op it buordsje fan de Provinsje lizze moatte: literatuer hat neat mei taalbelied te krijen.

Dus sykje it yn de besteande prizen. Want dy binne der. Sa liket de Douwe Tammingapriis my in geskikte kandidaat ta sûnt it alle kearen mar wer ôfwachtsjen is oft der noch wol in debutant oereinkomt. En de Rink van der Veldepriis dan? Dy is yn de praktyk mear in literêre priis as in priis foar it mear populêre boek wurden, wylst it lêste eins de bedoeling wie. Feroarje dat troch der in publykspriis à la NS Publieksprijs fan te meitsjen, is dat probleem ek oplost.

Sa, de flagge kin wer op 'e toer fan de Martinitsjerke!

Meer blogs

(Ook verkrijgbaar in het Nederlands) (Leaver op papier? Klik hjir) Bobo de aap is ûntsnapt út ’e dieretún om him nei wenjen te setten...