Friesch Dagblad

Yn desimber krige ik fan it Friesch Dagblad de fraach oft ik ek koarte ferhalen skriuwe woe, alle moannen ien. Baukje Zijlstra hold dermei op, dat sadwaande. Ik sei ta dat ik der even serieus oer neitinke soe sûnder troch te freegjen op de fergoeding, ik skriuw net foar it jild. Boppedat wit ik dochs wol dat it yn ’e regel om leafdewurk âld papier giet, ek by it Friesch Dagblad, in byld dat letter befêstige waard.

Ferline wike wie der in byienkomst fan it Skriuwersboun. Ien fan de oanwêzige auteurs fertelde dat sy ek frege wie. Se hie it net dien fanwege oare drokten, lykas it skriuwen fan in boek. Foar my wie dat in prachtich opstapke om oan te jaan dat ik it ál dien hie. Op myn reden om ta te happen kom ik straks noch even werom.

Nei’t ik tasein hie (foar in jier, dat like my goed te oersjen) wie ’k der samar út wat ik dwaan soe: in rige ferhalen oer bysûndere bern dy’t my út myn karriêre as skoalmaster bybleaun binne. Dy kearn woe ik útwurkje oan ’e hân fan in memorabel foarfal. Oant safier de feiten. Dêromhinne woe ‘k in pear eleminten tafoegje om it ferhaal goed rinne te litten. Fanselssprekkend ha ’k de nammen feroare, allyksa de omstannichheden. Oer de nammen sprutsen, elk ferhaal draacht de namme fan it oanbelangjende bern as titel.

No bin ik lykas myn al earder neamde kollega ek dwaande mei in nij boek en noch wat oare literêre putten. Dat om my no alle moannen wer ta it skriuwen fan in koart ferhaal te setten, is gjin opsje. Fandêr dat ik de lêste wike fan 2018 brûkt ha om alle tolve ferhalen achterelkoar troch te skriuwen. It gie dat it slydjage. Soms die ik der trije, oare dagen mar ien. Oan ’e ein fan dy wike hie’k alles klear en neisjoen. Om fierder gjin tiid te fergriemen, ha ’k se fuort nei Gerbrich van der Meer (‘Dit ha’k noch noait meimakke’) tastjoerd. Underwilens is it earste ferhaal ferline wike pleatst, de rest folget om de fjouwer wiken.

Wêrom ha ’k no tastimd? Net om ’e sinten, sa’t ik al sei. Nee, de reden is ús mem. Ienennjoggentich wurdt se hjoed, snein fiere wy dat mei in itentsje. Har hiele libben hat se it Friesch Dagblad lêzen en noch docht se dat alle dagen trou. Wat like it my aardich ta har te traktearen op wat ferhalen fan har âldste, samar yn har eigen krante. Fandêr dat je yn dit gefal sizze kinne dat it fan myn kant letterlik giet om leafdewurk. Dat âld papier kin tink ik wol fuort,  omdat ús mem dy ferhaaltsjes grif útknippe sil ...

Meer blogs

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei...