De toan fan

Ik ha in wike lang álle columns op Omrop Fryslân lêzen. Sok dwaan liket, no’t ik it sa stean sjoch, op in taakstraf, mar gjin noed, ik kin it neifertelle.

It begûn freed al mei Hilda Talsma, hielendal pro-Pyt, tsjinstanners waarden delset as ‘seurpiten’, dit yn neifolging fan Jenny Douwes. No wie Egbert Douwe oait, sa die letter bliken, Rob Out. Ik tink dus dat dy hiele Jenny Douwes ék fake is: it is gewoan Hilda Talsma, dy blonde froulju lykje ommers allegear opelkoar en se tinke ek nochris presys gelyk. Mocht ik mis wêze: ekskús, myn eagen wurde minder.

Sneon hie ’k ferwachte dat Ferdinand de Jong ek wol boppe-op dit hite item springe soe, mar dy fûn in driuwende kwestje by it CDA fan nóch grutter belang. Gelokkich ljepte Nynke van der Zee oer it gat fan it wykein hinne en pakte se de affêre Swarte Pyt moandei op mei in humoristise fergeliking tusken de protesten tsjin Trump en Project P. Se seach no alwer út nei takom’ jier, slute se ôf, al waard se net echt ynhâldlik.

Dus fêstige ik myn hoop op Eelke Lok. Dy skriuwt yn ’e regel columns dy’t alle kanten op fleane, hy is mear in prater as in skriuwer. Lykwols, diskear pikte er presys it punt derút dêr’t it om giet: de frijheid om op te kommen foar je miening, dy’t likegoed jildt foar lju dêr’t je it net mei iens binne. Eins hiel logys: in sjoernalist dy’t him solidêr ferklearret mei Project P. skopt yn wêzen de kruk ûnder syn eigen poaten wei.

De Knoop, de priis foar de grutste wrakseling mei dit ûnderwerp, sil grif tafalle oan Willem Schoorstra. De column dy’t er skreau hie er ferfrommele en fuortmikt, hy skreau dat er it net opbringe koe om los te gean op de Slach om Dokkum. Spitich, want krekt nei sýn reaksje wie ik wol benijd. Hy sit úteinlik oant de nekke ta yn de Fryske striid mei de aksje om syn FRL-nasjonaliteit yn it paspoart te krijen en fansels syn boeken oer Redbad (Rêdbâd!) en Grutte Pierre. Lit no krekt dat eleminten wêze dy’t by de kapusjontsjes op de A7 ynienen in rol spilen: wapperjende Fryske findels en ôfwaaid praat oer Holy Bony. Soe er dy mannen oanpakke of se ôffalle? It hie beide kind, want hy kin ferrassend progressyf út ’e hoeke komme en benaud is er allikemin. Sa ferkocht er okkerdeis Omrop Fryslân in wâd ûnder de reet, in column dy’t ik de oare stikjebakkers op de Omrop net samar dwaan sjoch: ‘diens brood men eet.’

Dêrmei kaam de útsmiter pas op tongersdei. Botte Jellema hjit de skriuwer fan tsjinst. Noait fan heard, ik wit werklik net wa’t it is, mar hy skreau in flymskerpe column. Akkuraat beneamde er wat der net oan kloppet en der wie gjin wurd dat nét op syn plak stie: rasisme spilet om ’e donder in rol. Sels wol my dat net oan, mar tagelyk, as je de reaksjes op Facebook en siden as GeenStijl sjogge kin ik net útslute dat er gelyk hat.

Tiid om de balâns op te meitsjen. It hear oersjend kinne je mar ien konklúzje lûke: de columnisten op de Omrop binne in perfekte ôfspegeling fan wat der yn it Nederlân fan 2017 libbet: fuortdûke, ynstimme en ôfwize geane lykop, oerienstimming liket fierder fuort as oait.

Takom’ jier fierder?

Meer blogs

(Ook verkrijgbaar in het Nederlands) (Leaver op papier? Klik hjir) Bobo de aap is ûntsnapt út ’e dieretún om him nei wenjen te setten...