It liet fan de ibis

(ook verkrijgbaar in het Nederlands)

Obi Okere is een Nigeriaanse kunstenaar die op uitnodiging van galeriehoudster Anne Hartogh naar Nederland komt om hier op een scheepswerf te werken aan een grote tentoonstelling. Algauw sluit hij vriendschap met Eva Leijn, een meisje met het syndroom van Down dat in de buurt van de werf woont. Okeres aanwezigheid roept niet alleen instemming, maar ook weerstand op, al helemaal nadat Eva op mysterieuze wijze is verdronken.

Het lied van de ibis laat zich lezen als een spannende roman, maar ook als de kroniek van een stad aan het eind van de twintigste eeuw, waar haat en hoop, liefde en eigenbelang in elkaar verstrikt raken. Tegelijkertijd is het een lyrische vertelling over een kunstenaar die probeert te overleven in twee werelden. Wat speelde zich af in het zuiden van Nigeria, waar hij werd grootgebracht in een decor van oliewinning, bijgeloof en strijd om macht en geld?

Prijs:€4,95
Art.nr. it_liet_fan_de_ibis

Bladzijde uit het boek

Oan ’e ein fan it Noard sloech er linksôf, bedarre by in supermerk dêr’t blykber wat te fieren wie. In klown wonk optein nei passanten en dielde weardebonnen út. Okere hie sin oan wat, naam sa’n oranje papierke oan en rûn nei binnen ta. Slingers en flachjes ferkundigen tegearre mei it toatelige personiel grutte bliidskip. Okere sleat oan by in rychje feestgongers en woe, nei’t er in skoft wachte hie, in kadootsje mei ûnbekende ynhâld yn ûntfangst nimme.
‘Dat kan niet,’ sei in famke, oerskeakeljend op it Nederlâns, want dat snappe swarten grif in stik better. ‘U moet eerst iets kopen!’
Okere skodholle, hy hie blykber net foar ’t ferstân wat de bedoeling wie.
‘Desnoods het kassakoopje!’
Fuortdaalks knope Okere it fleurige wurd yn ’e earen.
‘Kássakoepzje?’
It famke gestikulearre, de feestlike útstrieling tebroazele en se skeakele oer op de yndianetaal út de strips fan har broerke.
‘Eerst kopen, dán kado, NIET EERDER!’
‘Ugh!’ nokkere de klown by de kofje-automaat wei. Freegjend seach Okere fan de ien nei de oar.
Der ûntstie in rige, it famke doarde der fierder net op oan te stean. Suchtsjend treau se Okere it feestpakket yn ’e hannen, pripte de bon op in izeren pin en smarde in pûn freonlikens op har gesicht foar de folgjende klant, dy’t, merkber nitelich om de gong fan saken, syn ûnfrede dielde mei safolle mooglik oare feestfierders.
‘En no fine wy it noch frjemd ek dat al dy bûtenlanners hjirhinne komme, sy krije altyd alles wylst wy ús oan ’e regels hâlde moatte,’ grynde er.
Okere makke hastich gebrûk fan syn beheinde wurdskat, rûn nei bûten ta sûnder fierder wat te keapjen en socht de stoeprâne om it geskink út te pakken en as it heal koe op te iten. Boppedat diene syn fuotten sear, in bytsje rêst koe gjin kwea. In puzeltsje mei skoletters toande de namme fan it golle famyljebedriuw; in lolly en in pûdsje sjips makken it kado oan it minskdom kompleet. De klown bestudearre syn dwaan, lake syn reade laits, loek ûntskuldigjend oan ’e skouders, sette de te hite kofje yn it kezyn en sprinte op in folgjend slachtoffer ta. Genietsjend iet Okere de sjips op om dan de lolly mei it puzeltsje yn de rêchtas te triuwen.