Heech Tymo Sjoch Omheech

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr’t Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út wurkje.

Tagelyk wurdt it no echt tiid dat se in leukere freon fynt, tinkt er. Mar hoe moat er dat oanpakke? En dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. Dy’t in hiel spannende Heit Sûnder Frou hat, in echte keunster dy’t bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle? Al gau komt Tymo derachter dat it allegear net sa maklik is, hielendal as Bahar neist him te wenjen komt.

‘Heech Tymo, sjoch omheech’ is in boek foar lyts en grut, jong en âld, oer fleur en fertriet, it trochbrekken fan grinzen en ûntdekke wa’t je binne, skreaun mei humor en oant de ein ta spannend.

Te keap by de bettere boekhannel of online by Het Nieuwe Kanaal

Prijs:€0,00
Art.nr. 0

Bladzijde uit het boek

It earste dat ik tink is: Tally Ban. Ek al wit ik bêst dat it net kin. Lang lyn, doe’t ik noch lyts wie, leaude ik dat dy écht bestie. Mar no allang net mear. Hoe kin it dan dat ik oan har tink as ik de Folle Frou sjoch? En dat ik in raar gefoel yn myn búk krij, al is it nóch sa koart?

Ik ha wier wol faker in bleate frou sjoen, sit der mar net oer yn. Mar dat sis ik fansels net tsjin Elmar. Want ik ha ’t oer myn mem ûnder de dûs en dat giet him neat oan. Nee, ik hâld myn gesicht yn ’e ploai en doch krekt as seit it my neat. Al falt dat net ta. Want dizze frou is wol trije kear sa grut as myn mem. En har boarsten binne dat ek. Ik rin troch en sjoch nóch in frou. Dy is hartstikke fyn. En smel. Boppe-op har holle hat Elmar syn heit in ring skroeve. Dêr heakket in rustige ketting yn. En dy sit wer fêst oan in rails mei in takel. Sa hinget se feilich en kin se net omfalle.

‘No, wat seist derfan?’ laket Elmar.
‘Moai,’ sis ik.
‘Echt?’

No sjocht er my hiel moppich oan. Ik moat derfan laitsje. Wat goed útkomt, want ik fiel hoe’t myn holle feroaret yn in reade byt. Sa ferfelend is dat, ik lykje de grienteman wol. Ik rin mar gau troch, om de frou hinne.

‘Net dwaan,’ keart Elmar my op.

Hy wiist nei syn heit achteryn. Dy is dêr oan it laskjen, it ljocht om him hinne is blau. It rûkt ek hiel apart, eins wol lekker.

‘Meist net yn de flam sjen,’ warskôget Elmar.
‘Wêrom net?’
‘Wurdst der blyn fan. Dêrom hat Skelte in bril op, snapst wol?’

Fansels kin ik dat net sjen, want ik sjoch syn heit op ’e rêch, op in kapusjon om presys te wêzen. As ik om de Fine Frou hinne rin, doch ik presys wat Elmar sein hat. Want ik wol net blyn wurde. Omdat ik dan neat mear sjoch, dêrom. Gelokkich binne der genôch oare dingen. Oan ’e sydkant stiet in grutte kast mei sân planken. Dêr steane allegear lytse bisten op dy’t syn heit makke hat: in skylpod, hûntsjes, en ek in opspringende miny-aap, krekt as wol er yn in beam klimme. As ik him optil, is er hiel swier. Want hy is makke fan izer.

‘Wa hawwe wy hjir?’

Ik hie net iens yn ’e gaten dat Elmar syn heit ophold mei laskjen en nei my ta kaam. Hy hat syn donkere bril no boppe-op syn holle en faget syn hân ôf oan syn oranje overal. Hy sjocht der woest út mei allegear smoarge plakken op syn gesicht, krekt as hat der in ûntploffing west. Ynienen moat ik tinke oan de heit fan Pippi Langkous, ik wit net wêrom. Au, hy knypt hiel fûl yn myn hân.

‘Tymo Sas Kriek,’ piipje ik.‘Goeie namme hasto, sis. En moai lang hier hast ek. Ik bin Skelte, Elmar syn heit. Hast wolris faker yn in atelier west?’
‘Nee, menear.’‘Sis mar Skelte, man.’

Mán? Ik bin noch net iens tsien! It fielt hiel apart as er my sa neamt. Makket er miskien in grapke? Ik wit it net sa goed omdat ik him net ken. Skelte wol witte oft ik syn wurk ek moai fyn. Wy steane no oan de achterkant fan de Fine. Se hat in brune kont, net fan it poepen, mar fan de plaatsjes izer.