Einum FRL

(ook verkrijgbaar in het Nederlands)

Leaver betelje mei iDeal of PayPal? Einum (FRL) is ek te keap op KOBO

Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. 

Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy’t besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat de leafde ûntdekt, in boer dy’t siket om in masteresse, in twilling dy’t in troch it smookferbod troffen kafeetsje nij libben besiket yn te blazen.

Geandewei floeie al dy libbens yn elkoar oer en dan ynienen is dêr dy brief.
En ferskynt in fûgeltsje oan ’e loft...

Bekroand mei de Gysbert Japicxpriis 2015
 

Prijs:€4,95
Art.nr. einum-frl

Bladzijde uit het boek

Se klaait har út en docht it lakjurkje oan, as in kâlde hân foarmet it lear him nei har nachtliif, in goed liif, noch altyd, it wit him te hanthavenjen troch de jierren hinne, de rits kin hielendal ticht mar in plakje flak ûnder de nâle is it meast seksy, kwestje fan ûnderfining, dêrnei makket se har sekuer en justjes te swier op wêrby’t se it plak op har lip sa goed mooglik fuort wurket, se besjocht harsels yn ’e spegel.
Werom fan fuort west.
Gelokkich is dêr it byld fan omke Rindert al, sa’t er nei har seach doe’t se dy earste kear mei Roan by him op besite wie, sa sjogge sokke keardels, foaroan yn tsjerke, sinten by de rûs, de earme widner úthingje en ûnderwilens loere nei elke losrinnende frou, se ferachtet manlju dy’t foar eigen geriif op syk binne nei in masteresse, dy gedachte set har op skerp, in fertroude lilkens nimt it oer en driuwt har op, nei de oerloop, lampe oan en dêr stiet er.
Jop.
Slûch as in baarch, of is it ferheardens, troch it moarnsljocht hinne seit er memmy moai, ûnhandich rikt er nei har om oppakt te wurden mar dêr wurdt er te swier foar, kom mar pop, gau op bêd, it is noch te betiid, him oer de rêch aaikjend bringt se him nei syn keammerke, de soere stank yn dy’t by jonges fan trettjin heart, hy akselet tsjin as se yn it gat fan ’e doar stiet, noch ien tútsje en no moat mem echt fuort, heit komt straks wol, dach leave.
No noch wat waarms oandwaan oer it jurkje hinne, de spikerbroek past sa net, dan mar in rok en in trui, better as neat, en no troch, fluch de jas oan, taske mei, de fyts om ’e scooter hinne meneuvelje, de moarnskjeld slacht del op ’e jas om der tsien meter fierderop trochhinne te sigen, ik hie dochs better wat oars oandwaan kind, o shit, Roan syn kaaien.
Werom.
Straks is se ek noch te let, se stoot deryn, hy leit se altyd yn it finsterbankje, ja dêr. Wer dy earste meters, Einum leit de nije dei ôf te wachtsjen, auto’s as sliepende hûnen op it gers, allinnich de bermgeit hat der sin oan, dy hat nerges lêst fan, net fan de minsken, net fan harsels, wie ik mar in geit, leaver net yn Einum trouwens, se racet foar de HAMA del, dêr is ek gjin kop te bekennen, wannear is Wil ek al wer jierdei, o ja, moarn, net ferjitte.
Sa ier en betiid leit de pleats derby as in loch skip, de naal floeit oer yn ’e himel, de popels derneist as deadewacht, hymjend set se de fyts tsjin ’e muorre, as se de doar iepentriuwt begjint de skuorre te blaffen, wjerkeatsend hûnekabaal beselskippet har oant de binnendoar ta, hâld dy de bek, systeret se en wrychtsjes, de swart-wite droktemakker jout him del. Piipdoar, moat smard wurde, senuwachtich hâld se de sliepkeamer yn ’e gaten, dêr soe er wêze moatte, net te lang nei de doar sjen, guon minsken wurde samar wekker mar miskien projektearret se har eigen trekjes op in oar, wa sil it sizze, moai dat ik sa kreas op ’e tiid bin, dat falt neat ôf, fris is it hjir oars, dat hast op in pleats mar goed dat wy hjir net ynlutsen binne. Oer de gong nei de keuken, jakkes, dy spanning ek. Yn de wenkeuken set se de tsjettel op en makket twa stikjes bôle klear, ien mei kerreltsjes en de oare mei tsiis, it boerke sil raar opsjen, mei my as ferrassing, getfer, ik woe dat it foarby wie, mar ek spannend, yn tiden net dien, wat se docht is net niks en se wit dat it wurkje sil.
Woest siedt it wetter.
Har jas hinget se oer de stoel, de rok en de trui deroerhinne, se ritst de rits fan it unifoarmke wat fierder iepen en set it learen masker op, no is se ien en al hûd, de spanning ridelet har oer de lea, se is in rôfdier, de boeiens rattelje. Se giet foar de sliepkeamersdoar stean, noch ien kear djip ynademje, dan de doar iepen, yn ’e skimer draait omke him om, wyld sjit er oerein as se seit sa, sjoch ris wat ik hjir foar dy ha, se ferkeapet har oan de byldmoaie wredens fan de ferlieding.