De mjitte

Als ze veertig is duikt Mette Dou in haar jeugd. Moeiteloos roept ze het verleden op, een verleden in een kleurrijke arbeidersbuurt, waar ze werd grootgebracht door een alcoholistische pleegvader, een moeder die lid is van een plaatselijke sekte en met Boyen, haar halfbroer.

De fascinatie voor de fantasiewereld waarin Boyen zich ophield, sloeg om in afgunst en zorgde uiteindelijk voor een verwijdering tussen beide.
Na jaren zoekt Mette opnieuw contact met Boyen en ziet ze voor het eerst ook haar eigen rol onder ogen. Of heeft ze een andere bedoeling?
Een ding staat vast: in deze roman is niet alles wat het lijkt te zijn.

Dit boek is in 2004 verschenen als 'De mjitte'.

Let op: dit is een Friestalig e-boek!

Prijs:€4,95
Art.nr. de_mjitte

Bladzijde uit het boek

Doe’t Boyen yn it wetter foel, siet Herre mei Didel yn it kafee by de brêge.
Hy siet dêr, de earmtakken op it formika blêd, oan ’e koarte kant fan de bar te ouwehoeren mei syn maat yn ’t ûngeriif, op it plak dêr’t er him thús fielde, dêr’t er it libben stil oer him hinne glydzje liet, wylst de kafeebaas him ynskonk út in flesse dêr’t steefêst mear yn siet. Se hiene it oer auto’s, motors mei safolle silinders, Moeke Poeke, Betty Schmidt har boarsten, har eigen froulju en de bern, de buert, alles dat him ôfspile yn de beheining fan har eachweid. Yn it beskûl fan drank ûnder it dimd ljocht fan de lampen eamelen se oer Drees en de Russen yn Hongarije.
‘Se komme wier noch wol.’
‘Wa?’ frege Didel en hy fage mei syn bûsdoek it klamme swit ûnder it kin wei.
‘Ja! Wêr ha wy it oer. Oer de Rússen. stomme aap!’
‘O dy.’
‘No! Se komme hjoed, moarn, oaremoarn, takom’ jier, mar se komme, se komme! Hingje se mar fêst oan it lewant: de portretten fan Marx, Engels en Lenin.’
‘Dan moat ik yn ’t leger!’ smûge Didel en hy sprong op fuotten, saluearde en marsjearde om it biljert hinne, pakte de keu en begûn te sjitten op de ruten.
‘Sa, dy binne dea, kaptein!’ en hy makke syn ivige bûging.
Mar de man joech gjin belies, der wiene oare gefaren. Hie Didel al heard fan de Sinezen?
‘Het gele gevaar!’ deklamearre er, ‘h.e.t. g.e.l.e. g.e.v.a.a.r!’
‘TsjingTsjangTsjong,’ slokte Didel de nije driging fuort.
De donkerbrune stuollen stiene te wachtsjen op oaren, mar sy beide wiene de iennichste klanten. De man mepte Didel op it skouder. Dy skeat foaroer en sloech mei syn tanige kop hast de romerkes fan ’e taap. Ut en troch holden se har stil, gesichten hongen hieltyd tichter boppe it glês. De lucht wie âld en soer, it wie de lucht fan de nacht, in komposysje fan reek en fersleine drank. Op de taffeltsjes stiene de kleedsjes heechpoalich om de jiskebakken hinne, eilantsjes fan stiel yn in see fan stof. Op de bar leine bierfiltsjes, in oanstekker en in pakje North State. Hollen waarden wei yn wolken fan reek om dan as fisken op te dûken en in pear heal ôfmakke sinnen te sizzen, sinnen dy’t oanspielden op de kust en fêstrûnen op it strân. De stim fan Paul Anka liet de fitraazje foar de ruten soeie – Put Your Head On My Shoulder – wylst it sliepkeamersljocht achter it rút fan de Amerikaanske jukebox oer it boeket singles foel. It ljocht glied oer it grien lekken fan it biljert dat op swiere ikehouten bolpoaten de hoeke opfolle, blauwe krytblokjes yn útskuord papier op ’e râne. De ballen op de prikklok joegen in stil sinjaal yn wyt-read-wyt, mar de manlju hiene der gjin each foar.
Se ûnderbrutsen har praat doe’t de bus oer de brêge rattele, dêrnei besochten se de tried wer op te pakken.
‘Myn kop wurdt minder, jonges.’
De kroech kreake iepen, de lûden fan bûtendoar ljochten op. Ienaaiïch skeaten twa hollen omheech en draaiden mei. De postrinner groete, skifte in steapeltsje brieven en joech se oan de kroechbaas. De klanten krigen beide in klap op ’t skouder; de PTT moast fierder, der wie in soad te dwaan. It lân moast opboud, de spoaren fan oarloch útwiske, de post besoarge.
De man wiisde nochris nei it romerke, de flesse die syn wurk.
Sokke klanten binne te finen yn elke kroech op elk momint fan de dei, mar dizze man wie bysûnder: dit wie ús lêste heit.