In aap klimt út 'e beam (2017)

(Ook verkrijgbaar in het Nederlands)
(Leaver op papier? Klik hjir)

Bobo de aap is ûntsnapt út ’e dieretún om him nei wenjen te setten yn ’e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn ’e fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy’t him yntroduseart by in nije, populistise beweging.

Dan giet it rap. Mei Donald Trump as ljochtsjend foarbyld dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma’s, rjochtet er út ’e snackbar fan Harrie Kroket wei in buertwacht op, komt er yn ’e kunde mei Spûky, de meast ûnsjogge hûn fan it lân, beswykt er foar de ferliedingen fan ’e leafde om it mei allerhanne dubieuze útspraken úteinlik te skoppen ta listlûker fan de Nije Partij.

‘In aap klimt út ’e beam’ is in mei faasje en humor skreaune satire, mar ek in bitend kommentaar op in maatskippij dêr’t ûnfrede foar master opslacht en de waan fan ’e dei regeart.

E-boek (ePub zonder DRM)

192 pagina's

Prijs:€6,95
Art.nr. ISBN 9789081552011 FRL

Bladzijde uit het boek

Fan syn favorite tûke ôf (dy mei de knobbe op presys it goede plak om sûnder fuort te glydzjen syn kont te jûkjen) sjocht Bobo hoe’t midden yn ’e fiver ûnder him in steltsje oan it frijen is. Earst hie er út ’e fierte wei in auto oankommen heard. Even letter hearde er stimmen, ynearsten mei in lilkaardige ûndertoan dy’t al gau oergie yn laitsjen. It steltsje bestiet út in bukich keardeltsje en in frommes mei koart knipt, donker hier. De frou har lûd skeat wakker de hichte yn doe’t de man har útklaaie woe. Se draafde fuort mei de bedoeling dat er har fange soe en dat die er stommegraach.

Ferheard hie Bobo it hiele feest oansjoen. Syn fernuvering jilde net allinnich it spultsje op himsels, mar fral de manier wêrop.

Hoe komme je derop, tinkt er wannear’t er sjocht dat it mantsje de frou fan foaren nimt. It befêstiget it byld dat er fan de minske hat: in wûnderbaarlik skepsel dat fan gjin grinzen witte wol en om dy reden alle hoeken en hernen fan it bestean ferkent. De lokaasje is ek nochris mei ferdrach útsocht, fynt Bobo, want yn dizze úthoeke fan de bosk komt noait in kop. En dan midden yn in fiver, wol sa feilich. Want ek al soe er it wolle, dan noch is it ûnmooglik dit wyfke oer te nimmen. Apen hawwe it no ienris net stean op wetter en al hielendal net op in fiverfol. Sûnt er dizze tûke opsiket is it de earste kear dat er soks meimakket. Wol hat er fierderop yn de bosk, tichterby de wei en it grutte parkearplak, in pear steltsjes waarnommen, mar dy holden it by in tút, útsein de manljuspearkes, want dy weefden dermei ôf. Ek yn Happy Zoo hat Bobo faker as ien kear pearkes observearre, wêrby’t it him hieltyd wer fernuvere hoe dreech de manlju út ’e ried komme koene. Wylst de froulju der dúdlik klear foar wiene – Bobo syn skerpe noas lit him komselden sitte – beheinden de manlju har ta tútsjeboartsjen en dat wie it dan. Miskien komt it fan de klean dy’t minsken oanhawwe dat se de froulju net fuortdaalks nimme, oars soe Bobo it ek net witte. Nee, dan pakt dat mantsje yn de fiver better troch, sjapo.

Suver hypnotisearre stoarret Bobo nei it frommes. Har boarsten wâlje as bleke fisken omheech om op it ritme fan de man likehurd ûnder wetter wei te wurden. Op en del, hinne en wer, in werhelling sûnder begjin of ein, dat Bobo begjint op syn tûke fan ’e weromstuit mei te soeien.

Hy wurdt der suver dwyl fan.

De bewegings fan it yn elkoar befrissele pearke sette troch yn in kompleks patroan fan rimpeltsjes dat him hieltyd fierder útwreidet oer it wetter hinne. Ferbline troch dat spul fan ljocht en skaad, it stinnen en hymjen, bûcht er him foaroer om te sjen oft de weachslach de kant berikke kin, mar spitich, de geilens fan de man is net sterk genôch, dat Bobo linet teloarsteld achteroer om syn oandacht te rjochtsjen op de klean dy’t ûnder him op de boskige grûn lizze.

Op dat stuit gebeurt der wat yn de djipste lagen fan syn tinken, in fonk dy’t der altyd al wie en no de sprong weaget. Is it miskien syn eardere gedachte oer minsken en klean? Ynienen komt er ta it ynsjoch dat it ferlet fan klean net bedoeld is as hinderpeal, mar earder in wichtich elemint fan de minske útmakket.

‘Ik kin se gewoan oandwaan,’ monkelet er ferheard. ‘In gouden kâns en gjinien dy’t my tsjinhâldt.’

Oerémis troch dit ynsjoch slacht Bobo in poat om de stamme om himsels nei in pear tellen werom te finen op de wietige grûn fan de bosk dy’t him nei syn ûntsnapping sa gastfrij in ûnderkommen bean hat.

Wylst achter syn rêch de leafde hieltyd drokker bedreaun wurdt besiket Bobo wiis te wurden út de grimelgrammel fan klean dy’t yn in lang spoar einigje by syn beam. Al gau komt er achter it ferskil tusken boppe- en ûnderklean. Earst wol er in string oandwaan, mar hy ferslacht yn alle mooglikheden en smyt him teloarsteld fuort. De beha is like lestich te bemasterjen, fral om’t er sa’n ding noait earder sjoen hat. Dochs fynt er in yn syn eagen logise oplossing. Mei in handich strikje knopet er it hiele gefal fêst op syn kop, wêrby’t de cups perfekt oer syn earen falle. Sterke troch dizze súkseserfaring krijt er de smaak te pakken en fandelet er wat oare klean by elkoar. It jaske falt presys goed oer syn skouders, mar de boksen fan de frouljusbroek binne de lange kant neist. Om’t syn fuotten net mear te sjen binne, lit er de skuon mar foar wat se binne. Se hiene trouwens dochs net past.

En dêr stiet Bobo dan, út syn gewoane dwaan en dêrtroch net al te wis fan himsels. Tagelyk fielt er hoe’t yn it djipste fan syn wêzen in waarm gefoel opbloeit. Sa ticht hat er de minske noch noait op ’e hûd sitten, de minske dy’t him oait by syn mem weiskuorde, fernedere en by einsluten opsleat yn Happy Zoo, al waard er dêr, dat moat er tajaan, troch Martha mei leafde fersoarge. Triomfantlik komt er oerein, de longen fol sûgend mei krûdige bosklucht. Wylst er op ’e sprong stiet en hingje ris goed de macho út heart er hoe’t achter him dy twa gleone kikkerts út it wetter komme. Teloarsteld bynt er yn: dit is net in al te bêste timing.Bobo hat genôch ûnderfining om te snappen wannear’t it tiid is om út te naaien en dat docht er dan ek. As de brân stoot er nei it boskpaad, al falt it net ta tempo te meitsjen troch de fierste lange boksen dy’t har as napkes oan ’e grûn fêstsûge. Lilk hâldt er yn om dy kringen mei in uterste ynspanning oant boppe de kniibbels op te hisen. Syn dwaan is gjin súkses, want nei in pear stappen stekt it probleem fannijs de kop op. No moat er syn nederlaach wol tajaan. Grommeljend lûkt er de broek út om him nidich fuort te smiten. Wylst er ûngerêst oer ’t skouder sjocht klaut er him achter de earen. Op dizze manier kin er him min fertoane yn de minskewrâld, dat begrypt er mar al te goed. Om dy reden giet er werom nei it plak dêr’t de oare klean achterbleaun binne. Koartsich probearret er in ûnderbroek út dy’t, as er op de lucht ôfgiet, fan it frijmantsje is. De oplossing befalt him oars mar min. Sa liket er yn ’e fierste fierte net op de besikers dy’t net al te lang lyn yn lange rigen foar syn ferbliuw yn de bistetún del strúnden. Op dat stuit ûntdekt er nóch in broek, ditkear dy fan it mantsje. Dat past grif better, fluch lûkt Bobo him oan.

Syn wille duorret net al te lang troch de manier wêrop’t de wetterfrou út ’e boskjes wei har opwachting makket. Hie Bobo har net sjoen, dan wie er wol warskôge troch har geraas, in rekôrgjalp dy’t net gau oertroffen wurde sil. Bewûnderjend gappet er har oan, sy stoarret hypnotisearre werom. Se is nóch grutter as er ferwachte hie, suver bedriigjend. Wannear’t se wer begjint te âljen, hat Bobo syn nocht. Beret keart er har de rêch ta om foar de twadde kear it boskpaad op te sykjen.Al nei in pear tellen bedarret er op it plak dêr’t er earder wie. Hy springt oer de broek fan it frommes hinne en is al in pear meter fierderop as er him betinkt. Fluch giet er werom om dat ding op te pakken en oer it skouder te hingjen. Op dat stuit falt der fan alles út ’e bûsen. Dat heart net sa, fynt er. Alles moat mei, benammen de kaaien dy’t, sa wit er út ûnderfining, de minske machtiger meitsje as alles en elkenien. Optein knypt er syn poat ta in fûst, wat fuort folge wurdt troch in skerpe klik. Fan klearebare skrik lit er de kaaien falle om de deaklap dy’t grif komme sil, op te fangen. Mar dy mokerslach bliuwt út.

De auto stiet nammentlik gewoan stil, mar in pear meter fierderop, in bytsje rûch delset met de bumper heal yn in espel jonge, mak meibûgende spjirren. It taferiel liket wakker ûnskuldich, mar it fûleindich knipperjen fan de lampkes is foar Bobo neat minder as in earnstige warskôging.

By auto’s hat er no ienris in hiel dûbeld gefoel om’t se op alle beskiedende mominten yn syn libben in rol spilen, stuiten dêr’t er net graach oan weromtinkt. Boppedat hat er dy dingen faker as ien kear observearre op de snelwei oan ’e boskrâne. Dea en ferdjer ûnder de bewenners fan de bosk, dêr binne se goed foar, dy auto’s, fral moarns betiid wannear’t al dat stiel as op in ôfsprutsen teken fanwegen komt en alles wat op de wei omhuppelet finaal platrydt. En dochs toant dyselde auto ek oan hoe geniaal oft de minske is. Wa oars komt op it idee syn poaten te ferfangen foar it tsjil en rôljend fan it iene nei it folgjende plak te reizgjen?Even wachtet er ôf, mar wannear’t er ienkear trochhat dat der neat feroaret, weaget er him tichterby. Tajaand oan syn nijsgjirrigens rekt er him út en loert nei binnen. Hy leit syn fingers op de glêde, knalgiele karrossery, aaiket wat om op de kruk en docht de doar iepen. Skrokken fan syn oermoedigens skrillet er tebek en wachtet ôf, dan lit er de lucht fan it ynterieur op him ynwurkje. Hy falt sawat flau wannear’t er opnommen wurdt yn de himelse swietens fan in foar him hiel bekende rook. Syn noas folgjend klatteret er nei binnen ta om al gau út te kommen by in plestik taske.De bút bestiet yn alle gefallen út twa bananen.