Stim wizer

Fannemiddei koest yn Drachten speeddate mei pleatslike politisy. It like my net ferkeard en gean dêr ris hinne, want ik ha gjin idee op wa’t ik stimme moat. Ik hie wat fragen oer it myljeu, foaral omdat ik my wolris achter de earen klau as ik sa om my hinne sjoch, hjir yn Smellingerlân. Net dat der op papier te min omtinken is foar it myljeu, mar hoe stiet it mei ûnderbouwing en foaral konkrete útwurking? In koarte greep út wat ik opdien ha:

D’66
‘Jim hawwe as doel om yn 2030 enerzyneutraal te wêzen. Is dat helber? En sa ja, hoe dan?’
‘We willen stimuleren dat mensen zonnepanelen plaatsen. En verder zijn er meerdere initiatieven om energie te besparen en duurzaam te maken.’
‘Dêrmei helje jim de doelstelling, tinke jim?’
‘Dat is natuurlijk niet te zeggen.’
‘Soene der net wynmûnen boud wurde moatte?’
‘Kan dat niet beter aan de kust?’

VVD
‘Der wurdt in nije wyk boud tsjin de A7 oan. Hoe is dat mooglik?’
‘Haha, wat is het probleem precies?’
‘Fynstof en smoarge lucht.’
‘Wat zou u daaraan willen doen?’
‘Ik soe dêr sawisa gjin huzen bouwe. En fierder de maksimumsnelheid werombringe nei 100 km.’
‘Maakt dat wat uit voor de luchtkwaliteit? En trouwens, de gemeente gaat daar niet over.’
‘De sûnens fan de ynwenners is net jim soarch, begryp ik?’
‘Het probleem lost zich vanzelf op als de auto’s elektrisch worden, haha.’

FNP
‘Ik sjoch dat de FNP duorsumens heech yn it findel hat. Hoefolle wynmûnen wol de FNP yn Smellingerlân delsette?’
‘Wy binne net sa foar wynmûnen. Ferjit net dat de produksje fan in mûne mear enerzjy kostet as dat er opbringt.’
‘Ut berekkeningen blykt dat dat allang út kin.’
‘Ik ha ek in oar ûndersyk lêzen en dêr bliek dat net út.’

PvdA
‘Wêrom hat de gemeente dy nije wyk by de A7 net opkeard?’
‘Omdat?’
‘Fanwege de luchtfersmoarging dêr.’
‘Is die viezer dan op andere plekken? Ja, nee, ik weet het eigenlijk niet.’
‘Ik wol. Sjoch mar ris op de webside fan it Longfonds.’
‘Zo eenvoudig ligt het niet. Het bestemmingsplan is jaren geleden vastgesteld.’
‘Mar it ynsjoch is feroare. Of lizze jo ek noch altyd asbest op jo túnhokje omdat dat tritich jier ferlyn gjin probleem wie?’
‘Leuk u gezien te hebben. Houd ons scherp, zou ik zeggen.’

GroenLinks
‘Wurdt it net tiid dat GroenLinks útrekkenet wat it ferbrûk yn Smellingerlân is en der dan in konkreet plan by makket: safolle mûnen, safolle panelen en waarmtepompen?’
‘U zet me aan het denken.’

It langst ha 'k oerlein by Groenlinks en D'66, dêr siet men dúdlik better yn it ûnderwerp. In stik wizer bin ik dan ek op hûs oan fytst. Mar op wa’t ik no stimme moat?

Meer blogs

(Ook verkrijgbaar in het Nederlands) (Leaver op papier? Klik hjir) Bobo de aap is ûntsnapt út ’e dieretún om him nei wenjen te setten...