Sneue dingen

Om mar mei de doar yn hûs te fallen: it is dochs oandwaanlik om te sjen hoe’t guon minsken har yn dizze dagen troch de acht kilo papier fan de Fryske ensyklopedy hinne wrotte om te sjen oft se der (a) wol yn steane en (b) oft it allegear wol kloppet om dan grutsk of minder grutsk op Feestboek te melden hoe’t it der wat harsels oanbelanget hinne leit yn wat blykber sjoen wurdt as de Fryske himel. En dat wylst der al lang en breed prima siden binne dêr’t folle mear ynformaasje op te finen is, lykas op it ferneamde Sirkwy. Even boppe-yn in namme yntype en je krije alle ynformaasje dy’t je hawwe wolle oer in wrâld oan Fryske skriuwers.

Oer lang en breed sprutsen. Of better sein: it Breed fan de BMD, de Brede Maatskiplike Diskusje fan Frâns Kuipers. Ynienen komt dy stifting mei in wol tige orizjineel plan: der moat in Brede Maatskiplike Diskusje komme oer it Frysk, en dan benammen oer it draachflak foar ús taal binnen it ûnderwiis en by de gemeenten. It mei ek wat kostje, want in heal miljoen. Om it ynsichtlik te meitsjen: dat binne fiiftûzen Fryske ensyklopedyen, dus fjirtich ton oan deade beammen. Ik tink dat der troch sa’n diskusje samar in pear tûzen kilo papier by komme kin oan rapporten, rapporten oer eardere rapporten, allegearre mei ynmoed produsearre troch de usual suspects dy’t yn it fergadersirkwy no ienris harren brea fertsjinje.

Ekstra sneu dêrby is dat de útslach al yn it foar fêststiet. Want dat draachflak is der amper of net. Dochs sil dat net de útkomst fan dy diskusje wêze. Nee, mei in soad grafiken, organogrammen en multymediale keunststikjes sil helder as glês oantoand wurde dat dat draachflak der om ’e donder wól is, al is it dan yn embryonale foarm. Dus wurdt der in soad noed útsprutsen oer in oantal knyppunten dy’t stik foar stik beneamd wurde sille mei dêrby in swier te subsidiearjen plan dat útfierd wurde moat troch deselden dy’t it glossy útfierde einrapport presintearje oan de Provinsje. En dy mei dan besykje om in nije kwak belied op it pantsje fan de skoallen te mikken, want it ûnderwiis lost ommers elke foarm fan maatskiplik ûngeriif samar op, of net dan?

Sit ik te larykoekjen? Nee hear, de mannen fan de Brede Maatskiplike Diskusje sels geane ek út fan in positive útkomst, al beweare se noch sa dat de acht miljoen dy’t no oan taalbeleid útjûn wurdt weismiten jild is as der dochs gjin draachflak fûn wurdt. Want yn deselde adem wurdt der fuort mar in foarskot op nommen troch in rottekrûddjoer foarstel te dwaan oer de beleannings foar learkrêften mei in akte Frysk. Dy meie der fergeemje samar in salarisskaal by krije: in BMW fan de BMD! En dat is dochs wol ferrekte sneu, benammen foar myn persoan. Dêr sit ik dan op myn fêste fiskplak mei myn bamboe angeltsje achter it net te fiskjen. Oait mei swit en triennen in moaie Fryske akte helle, by Sybe Krol noch wol, en no’t ik krekt mei pensjoen bin, komme se mei sa’n foarstel oanskiten.

En de Fryske taal sels? Och, dy lûkt him ûnderwilens nergens wat fan oan en streamt as in rivier troch ús bestean.

Meer blogs

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei...