Jan Y.

‘Ik lês hast gjin Fryske roman om’t ik se net goed fyn,’ lies ik yn de Ljouwerter Krante doe’t ik begjin juny op myn fakânsje-adres yn it djippe suden fan Dútslân de laptop even iepenklapt hie om te sjen oft it heitelân noch bestie. De sprekker fan dat sintsje lake my fleurich út in foto wei ta, kreas burdsje, Mart Smeetsige trui. ‘De steat fan it Frysk’, stie boppe Jan Ybema syn holle, achter him gniisde de platsleine kop fan de Aldehou stikem mei. It is sa’n kwoot dy’t je even ûntkomt wylst je sûnder euvelmoed wat steane te praten mei in sjoernalist, ik seach it hielendal foar my hoe’t dat ek Jan oerkommen wie. De reaksjes wiene foarsisber (boehoe!), want safolle is der net nedich om de Fryske gemeente yn ûnstjoer te bringen.

Sels fielde ik my op in oare manier oansprutsen. Problemen mei Jan syn útspraak hie ik net. Elk is ommers frij om goed te finen wat hy of sy wol, smaken ferskille. Tagelyk siet ik yn de lêste faze fan myn nijste boek en al wie it dan net in roman mar in bondel mei ferhalen, it like my nijsgjirrich om kontakt mei Jan op te nimmen en him te freegjen om kommentaar. In tige kritise en yn syn gefal ôfheakke lêzer sûnder dûbele aginda yn ’e kontbûse is wat my oanbelanget altyd wolkom. Wa wit, soe ik der wat fan opstekke kinne en foar Jan like it my ek wol in moaie útdaging. Dat ik stjoerde him in mailtsje. It bleau in skoftke stil, doe liet er witte dat er wol op myn fersyk yngean woe. Wy praten ôf en besleaten om Sietse de Vries derby te freegjen, Jan hie syn útspraak ommers yn de Ljouwerter dien.

Ferline wike tongersdei wie it safier. Kafee Wouters lei noch op ien ear, dat wy bedarren yn it Oranje Hotel. It draaide út op in petear fan hast trije oeren, in ferslach dêrfan, skreaun troch Sietse de Vries, fine jim yn de Freed fan 14 oktober (in link folget letter). Fansels is it ûnmooglik alles yn sa’n artikel wer te jaan, dat is ek yn dizze kollum net it gefal. Ik behein my mar even ta in partsje fan Jan syn kommentaar op myn bondel mei ferhalen. Ek yn it foartrajekt krige ik sawat in idee fan it type lêzer dat Jan is. Ut en troch hiene wy kontakt fia de mail oer ús eigen literêre foarkar en ek Fryske boeken dy’t er net sa goed fûn. Tagelyk makke er al wat opmerkingen oer de ferhalen sels. Sa fernaam ik dat er in sterke fyzje hie op de motivaasje fan de personaazjes (wêrom docht ien wat er docht), mei dêrby in skerp each foar details (wat ik lês, kin dat eins wol). Foaral by it lêste frege ik my geregeld ôf oft er him dêrmei sels net wat yn it paad siet. Soms is it better je mar oer te jaan oan de stream fan in ferhaal, dat doch iksels teminsten. Ik sjoch dan wol wêr’t de skriuwer my hinne hawwe wol.

Om in (hiel) lang ferhaal koart te meitsjen: Jan seach trettjin goed lêsbere ferhalen dy’t net hielendal brochten wat er fan in goed ferhaal ferwachtet (in lytse hanneling, útwurke mei goed nei te kommen personaazjes), en trije favoriten. Dêrby keas er net foar de mear ‘moderne’ fertellingen en dat ferraste my. Jan keas foar trije mear beskôgjende, mear ‘klassike’ ferhalen mei personaazjes dy’t op it ferline weromsjogge en dêr op ferskillende manieren mei deale. Dat syn kar my ferraste kaam tink ik fan Jan syn leeftiid. Wy skele sa’n fjirtich jier, wat by my blykber dochs wat foaroardielen opsmyt. Al mei al kinne Jan, Sietse en ik weromsjen op in prachtich petear mei de tasizzing fan Jan syn kant dat er benijd is nei myn folgjende boek en it graach lêze wol. De earste lêzer is der dus al. No de skriuwer noch, al wit dy fansels net oft it oait wat wurdt mei in folgjend boek. Elke publikaasje is ommers de lêste, netwier? Ik bedoel mar!

Meer blogs

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei...