It stik

‘Wa't it oars sjocht: skriuw in stik, soe ik sizze,’ liet Abe de Vries witte yn in reaksje op kommentaar nei oanlieding fan syn artikel yn it Friesch Dagblad oer de gearstalling fan sjuerys by literêre prizen, en wa bin ik dan om nee te sizzen. Oanlieding wie ditkear de takenning fan de Obe Postmapriis foar oersettingen oan Geart Tigchelaar.

Dat der benammen op Facebook wat irritaasje om dit artikel hinne ûntstie, hie yn myn eagen te krijen mei it momint fan publikaasje, de skriuwer derfan en de reaksjes fan oersetter Geart van der Meer. Of konkreter: wannear’t Abe de Vries, dy’t sels ek gadingmakker wie mar net nominearre waard, nei oanlieding fan de útslach yn in artikel - dêr’t fierder net folle mis mei is - opmerkingen makket oer de ûnderstelde swakte fan sjuery’s, set er dêrmei ymplisyt ek de útslach yn ’e kiif en hat er de skyn tsjin. It die my dan ek gjin nij dat de publikaasje fan dit artikel en benammen it hjir en dêr ôfwaaide praat deromhinne as sadanich ynterpretearre waard troch de útjouwer fan it winnende boek en winner Geart Tigchelaar sels, dy’t fyntsjes opmurk: ‘Se sille it my grif net misgunne, mar se gunden it harrensels gewoan krekt efkes mear.’

Hawar, ta de saak. Abe de Vries hat noed oer it nivo fan literêre sjuerys en it hantearjen fan net-literêre arguminten. Dêrby sitearret er de oare gadingmakker Geart van der Meer, dy’t net begrypt hoe’t it kin dat ‘ien fan de ferneamdste boeken fan de njoggentjinde iuw’ (hy hat it hjir oer syn eigen oersetting fan David Copperfield) net op syn minst nominearre is. Abe de Vries giet der fierder net op yn, mar oan sa’n opmerking is al te sjen hoe dreech oft it is om ûnderskied te meitsjen tusken literêre en bûten-literêre arguminten. Want wêr giet it no om: it oersetten fan keunst of de keunst fan it oersetten? Ik tink dat it dochs foaral om it lêste gean moat.

Abe de Vries ferslacht der sels trouwens ek yn as er ûnder wurden bringt oan watfoar betingsten literêre advyskommisjes yn syn eagen foldwaan moatte: ‘Regaad meitsje mei politike en taalbefoarderjende tastannen dy’t neat mei keunst te krijen hawwe, dy’t de keunst it libben ôfrôvje. Sjueryleden moatte goed ynfierd wêze yn de Fryske literatuer, yn syn skiednis, syn konflikten, yn de lytste hernen fan syn gefoelichheden. Se moatte frij hifkje wolle en kinne op keunst, ynstee fan ek in heel of heal each te slaan op bûtentekstuele en net-literêre trêften sa as boekferkeap en taalbefoardering’. Dat taalbefoardering en boekferkeap gjin literêre arguminten binne, is sûnder mis wier, sa’t ik it ek iens bin mei syn stelling dat de keunst sintraal stean moat. Mar sûnt wannear hearre de lange teannen  dêr’t guon skriuwers mei oer de gong klepperje in rol te spyljen by de takenning fan in priis? Om mar te swijen fan oare ‘gefoelichheden’? Dat lykje my non-literêre arguminten fan it boppeste buordsje dy’t dat ‘frije hifkjen’ allinnich mar yn ’e wei steane.

Wat dat oanbelanget haw iksels der altyd foar west om sjueryleden te beneamen dy’t krekt op ôfstân fan it literêre spylfjild steane om foar te kommen dat se de earen hingje litte nei de kongsys dy’t yn de mikrokosmos fan de Fryske literatuer op baktearjeel nivo de regio ûnfeilich meitsje. Yn dit kader wie ik by de Gysbert fan ferline jier dan ek wiis mei it beslút fan Tresoar en/of de Provinsje om in sjuery fan net trije, mar fiif leden yn te stellen. Yn stee fan twa, moasten no op syn minst trije leden it iens wurde, wat de ‘frije’ beslútfoarming allinnich mar te’n goede komt.

Oer Tresoar sprutsen. Yn de diskusjes op Facebook kaam ek de rol fan dat ynstitút op it aljemint. Dy soe net transparant wêze en de rest fan de fertochtmakkingen is de muoite fan it werheljen net wurdich. Abe de Vries merkt yn syn artikel op dat it net tafalt om noch sjueryleden te finen, wat je grif in understatement neame kinne. Je soene je dan ek ôffreegje kinne oft it bashen fan sjuerys en/of Tresoar bydraacht ta in ferbettering. As oanfolling tink ik dat it trouwens ek hieltyd dreger wêze sil om skriuwers te finen dy’t foar prizen yn oanmerking komme. Ik referearje hjirby oan de útspraken fan sjueryfoarsitter Meindert Reitsma by de útrikking fan de Rink fan der Veldepriis en it by gebrek oan kandidaten net-útrikken fan de Douwe Tammingapriis foar debutanten.

Hoe dan ek, nije wike sneon sil ik nei de útrikking fan de Rely yn Weidum om in priis yn ûntfangst te nimmen dy’t takend is op anonime basis. Dat is nochris frij hifkjen, spitich dat soks by boeken net kin. Wa wit, oant dan!

Meer blogs

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei...