In Fryske tango

In fynst út ’e platebak fan de kringloop wie it fjirtjin dagen ferlyn wól, hielendal doe’t ik de binnenhoes seach. De lp’s mei muzyk fan Astor Piazzolla nim ik eins altyd mei, en dan benammen as it der ien is mei komposysjes út ’e tiid dat er de tradysjonele tango ynruile foar in mear eksperimintele foarm.

Diskear gie it om in útfiering fan Libertango, ien fan syn bekendste stikken. Mar dat wie net alles, it wie de binnenhoes dy’t myn omtinken luts. Dy is nammentlik hielendal folskreaun troch de foarige eigner en oarspronklike besitter fan dizze lp, in M. in’t Veld út Den Haach, mar yn de jierren tachtich wenjend yn Ljouwert. De lp dêr’t it hjir om giet liet er troch platesaak Poort ymporteare út Frankryk wei, de Frânstalige biografy fan de komponist hat er yn syn gehiel oerset en op de binnenhoes útskreaun.

Dat hie in reden, sa’t dúdlik wurdt út in op de hoes plakte brief, dateard 2 oktober 1981 en rjochte oan Henk Smink, direkteur fan it Frysk orkest, in selskip dat, oprjochte mei dûbeltsjes en kwartsjes fan de Fryske befolking, sa fijn ferskiten is troch Hans Wiegel. Yn dy brief leit de skriuwer de reden fan syn brief út. Ik sitear: ‘Ik ben veelvuldig abonné op de concerten, gegeven door het Frysk Orkest. Muziek neemt in mijn leven zo’n grote plaats in dat ik, als 73-jarige, mij verbaas dat ik nog nooit van de Argentijnse musicus/componist Astor Piazzolla heb vernomen.'

It wiidweidige ferfolch fan de brief komt derop del dat, as hý noch noait fan dizze komponist heard hat en yn in fraachpetear lies dat dat ek opgie foar koreograaf Hans van Manen, Piazzolla wierskynlik ‘hier in Nederland een onbekende is’, mei stikken dy’t har ûnderskiede troch ‘een fascinerende allure en een archaïsch aandoende oerkracht’. Dan komt In’t Veld ek op de reden fan syn skriuwen oan Henk Smink: ‘Kortom, is er iets in de hierbij toegevoegde hoestekst dat U geschikt lijkt voor het repertoire van het Frysk Orkest? Een Nederlandse première?!’

Oft it werklik ta in útfiering kommen is, betwifelje ik, al fertelde Sietse de Vries my justerjûn by it feestje fan 50 jier Skriuwersboun dat Piazzolla sels wolris mei syn eigen orkest yn Ljouwert optreden hat. Underwilens is Henk Smink ôfrûne moandei ferstoan, hast 90 jier âld. Dat ik dy plaat by de kringloop fûn, sil dêr grif mei te krijen hawwe, útrinnend op in petit histoire dy’t ik jim net ûnthâlde woe.

Meer blogs

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei...