Fonteinpine

De Kulturele Haadstêd begjint foarm te krijen. Ek de ûntwerpen fan de alve fonteinen wurde rûnom fertoand. Mei dêrby de foar de hân lizzende kommentaren. De wolk fan Frjentsjer is mar in rare ‘kraaltsjefontein’ mei dêrby de ferûnderstelling dat de ynspirator fan it ûntwerp, professor Oort, him yn syn grêf omdraaie sil. Fierder wurdt der yn in oare kommentaren praat fan ‘ontwerpen van de onderste plank’, ‘kitsj’, ‘gjin echte keunst’, ‘prutswurk’ en gean sa mar troch. It hiele projekt seach ik sels al ris diskwalifisearre wurden as in ‘Frysk-nasjonale skande’.

No kin der fan alles sein wurde oer de kar foar keunstners fan bûtenôf, oer it útsliten alvestêdekonsept wêrby’t Drachten en It Hearrenfean mar wer ris passeard binne, oer de fraach hoe’t gemeenten hjir safolle jild oan ûnderhâld foar oerhawwe kinne en gean sa mar troch. Lykwols, foar my is it op dit stuit wat it is, dy fonteinen lykje der te kommen. Lýkje, want je witte it mar noait mei de Kulturele Haadstêdplannen.

Fandêr dat ik my ynearsten mar rjochtsje op de ûntwerpen sels. It is dúdlik: smaken ferskille en as it om keunst giet al hielendal. Dat mei, it hat trouwens noait oars west. Sa wie der ek in tiid dat Rembrandt syn wurk fuorthúnd waard. Of dat Picasso syn brike koppen hast net tentoansteld krije koe. Of dat okkerdeis yn ús kultuerbewuste Ljouwert in wichtich wurk fan de ferneamde Sol LeWitt troch ien of oare ûntwikkelder wytkalke waard, want ‘net moai’. En dat yn de Kulturele Haadstêd fan takom’ jier. Oer in Frysk-nasjonale skande sprutsen…

No hâld ik persoanlik mear fan abstrakte of abstrahearre keunst. Mar wol dat sizze dat dy ûntwerpen ‘dus’ net goed binne? Goede keunst daget minsken út om mei oare eagen nei de werklikheid te sjen. En dat dogge de ûntwerpen dan ek. Fan de beskôger wurdt frege om him of har der ris yn te ferdjipjen. Past it ûntwerp yn it oeuvre fan de keunstner? En wat binne syn achterlizzende gedachten by wat hy of sy makket yn relaasje mei it plak dêr’t syn of har kreaasje delset is?

Spitigernôch is dy ynspanning gauris tefolle frege: ferfalle yn ferbaal fandalisme is in stik makliker. Lykwols, je kinne fine wat je wolle, mar it giet hjir ál om keunstners dy’t ynternasjonaal oan de wei timmerje. Wat ynhâldt dat harren wurk troch kenners sjoen en wurdearre wurdt. Yn ’e praktyk betsjut it dat harren oeuvre yn wichtige kolleksjes opnommen is, sels yn grutte musea lykas it MoMa. Dus nee, ‘prutsers’ binne it bepaald net.

Ik bin dan ek fan doel om de fonteinen gewoan in earlike kâns te jaan. En dan fansels yn de alve stêden, want in makette of digitale projeksje is hiel wat oars as in fontein yn it echt. Dus takom’ jier sil ik mei nocht en wille in tochtsje troch it keale part fan Fryslân meitsje om mysels bleat te stellen oan dit ‘prutswurk’. Ik lit noch witte wat ik der úteinlik fan fûn!

Meer blogs

(Ook verkrijgbaar in het Nederlands) (Leaver op papier? Klik hjir) Bobo de aap is ûntsnapt út ’e dieretún om him nei wenjen te setten...